nieuws-image
17 juni 2011
VVD stelt vragen over nieuwe mediabeleid in relatie tot Omrop Fryslan

Vandaag is het nieuwe mediabeleid bekend gemaakt. CDA-minister Bijleveld vraag de landelijke publieke omroep en de regionale omroep binnen een halfjaar een voorstel te doen tot een model voor integratie dat het meeste effect sorteert. Het Kabinet gaat de komende maanden dit ook met de provinciebestuurders bespreken. De VVD Fryslan wil graag weten wat de insteek van het college van GS is. En wanneer Provinciale Staten hierover met het college van GS in gesprek kan. Verder wil de VVD graag weten wat de consequenties zijn voor Omrop Fryslan. Het zou wat de VVD Fryslan betreft straks niet zo moeten zijn dat een landelijke netcoördinator o.i.d. beslist over het wel of niet kunnen uitzenden van de PC in Frentsjer. Hieronder vallen de schriftelijke vragen te lezen zoals die zijn ingediend door VVD Statenlid Aukje de Vries.   

SCHRIFTELIJKE VRAGEN, ex artikel 39 Reglement van Orde

   
Gericht aan GS / lid van GS   Het college van Gedeputeerde Staten
Onderwerp     Nieuw mediabeleid en positie Omrop Fryslân
Vraag / Vragen                             1.             2.                             3.               4.     In het Regeerakkoord van 30-09-2010 staat: “Landelijke en regionale publieke omroepen worden meer geïntegreerd, bijvoorbeeld door regionale vensters op een landelijk net. Besparingen komen ten goede aan de regionale omroep.” Welke acties en activiteiten heeft het college van GS sinds het Regeerakkoord op dit punt ondernomen? En wanneer?   Uit de brief van CDA-minister Bijleveld: “Het kabinet zet in op integratie van landelijke en regionale publieke omroep die in 2016, na wetswijziging, een feit is. Het kabinet vraagt de landelijke publieke omroep en de regionale omroep binnen een halfjaar een voorstel te doen tot een model voor integratie dat het meeste effect sorteert. Het kabinet bespreekt de komende maanden met de (nieuwe) provinciebestuurders in het IPO of en hoe een nieuwe verdeling van verantwoordelijkheden tussen rijk en provincie kan bijdragen aan een - ook bestuurlijk - eenvoudiger inrichting van het publieke mediabestel in Nederland.” Wat wordt de insteek van het college van GS? En wanneer kunnen Provinciale Staten hierover met het college in gesprek? Wat gaat het college van GS de komende tijd doen?   Wat zijn de consequenties van het voorgestelde beleid voor Omrop Fryslân? Op zich hoeft vensterprogrammering niet perse slecht te zijn, maar het gaat erom hoe het wordt uitgevoerd. Het kan wat betreft de VVD niet zo zijn dat er straks een landelijke netcoördinator o.i.d. beslist over het wel of niet uitzenden van de PC in Frentsjer. Hoe kijkt het college van GS hier tegenaan?   Hoe gaat het college zorgen dat de speciale positie van het Fries, als Tweede rijkstaal, een goede plek en voldoende aan bod komt in het nieuwe mediabeleid?
Indiener (s) VVD   Aukje de Vries
  VVD Statenfractie,
    Yn antwurd op jo skriftlike fragen oangeande nij mediabelied en posysje Omrop Fryslân, ynkommen op 20 juny lêstlyn en ynboekt ûnder registraasjenûmer 960196, op grûn fan kêst 26 fan it Reglemint fan Oarder, diele wy jo it folgjende mei: Fraach 1In het Regeerakkoord van 30-09-2010 staat: “Landelijke en regionale publieke omroepen worden meer geïntegreerd, bijvoorbeeld door regionale vensters op een landelijk net. Besparingen komen ten goede aan de regionale omroep.” Welke acties en activiteiten heeft het college van GS sinds het Regeerakkoord op dit punt ondernomen? En wanneer? AntwurdWy hawwe op ferskillende mominten en by herhelling aksje op dit punt ûndernommen, sawol amtlik as bestjoerlik, ek yn IPO-ferbân. Hjirûnder in oersjoch fan ús korrespondinsje ditoangeande mei UKW, Ynlânske Saken en de Twadde Keamer:
  • 15 novimber 2010: brief stjoerd oan minister Donner oer de mooglike Taalwet foar it Frysk. Wy hawwe der op oantrune dat “de formele positie van de Friese regionale omroep met betrekking tot het behoud, de ontwikkeling en de overdracht van de Friese taal” fêstlein wurdt yn dy Taalwet; yn de Mediawet kin dat mooglik fierder útwurke wurde.·
25 novimber 2010: b.o. deputearre De Vries en  minister Donner oer de Taalwet. Deputearre hat omtinken frege foar de bysûndere posysje fan de Omrop.· 5 april 2011: brief oan minister Van Bijsterveldt fan UKW.  Wy hawwe omtinken frege foar de bysûndere posysje fan Omrop Fryslân (sj. haadstik 5 (Media) fan de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK)), “in het licht van de huidige ontwikkelingen met betrekking tot het publieke bestel” en “de voorgenomen wijziging van de Mediawet en de rol van de regionale omroep in dat verband”.· 26 april 2011: brief oan minister Donner yn reaksje op  op it konseptwetsútstel Wet Gebrûk Fryske Taal. It wetsfoarstel soe him net beheine moatte ta de posysje fan it Frysk yn it bestjoerlike ferkear en it rjochtsferkear. In Kaderwet dy’t him yn algemiene sin ek ta de oare domeinen fan de BFTK en it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen útstrekt, dêrûnder media (Omrop Fryslân), hat ús foarkar .·         7 juny 2011: brief oan minister Van Bijsterveldt. Fersyk om yn te stimmen mei de rapportaazje fan ûndersyksburo Andersson Elffers Felix (AEF) oangeande de tapassing fan it troch Nederlân ûndertekene kêst 11, lid 1 (media) fan it Europeesk Hânfêst foar regionale of talen van minderheden op it Frysk. Ek is wiist op de erkenning fan it Frysk as  twadde Rykstaal, dy’t ferplichtet ta in ferbreding en ferdjipping fan de Frysktalige programmearring op radio en televyzje .·         23 juny 2011: Ús lobbyist hat  in position paper oer de posysje fan Omrop Fryslân yn relaasje ta it foarnommen mediabelied fan de minister jûn oan de mediawurdfierders yn de T. K., mei it each op it Nota Oerlis Media fan 27 juny ..
  • 8 july 2011: mailkontakt deputearre De Vries en de direkteur-generaal fan Ynlânske Saken, de hear Buitendijk, oer de posysje fan de Omrop,  yn relaasje ta it nije mediabelied en it Bestjoersakkoart
.·         19 july 2011: minister Donner yn in brief wiisd op “de eigenstandige positie en de eigen identiteit van (..) Omrop Fryslân”, lykas fêstlein yn de BFTK. Fierder is oanjûn dat resintralisaasje fan de Omrop nei it ryk foar de provinsje gjin opsje is en dat de bysûndere posysje fan de Omrop fêstlein wurde moatte soe yn de Wet Gebrûk Fryske Taal. Fraach 2Uit de brief van CDA-minister Bijleveld: “Het kabinet zet in op integratie van landelijke en regionale publieke omroep die in 2016, na wetswijziging, een feit is. Het kabinet vraagt de landelijke publieke omroep en de regionale omroep binnen een half jaar een voorstel te doen tot een model voor integratie dat het meeste effect sorteert. Het kabinet bespreekt de komende maanden met de nieuwe provinciebestuurders in het IPO of en hoe een nieuwe verdeling van verantwoordelijkheden tussen rijk en provincie kan bijdragen aan een – ook bestuurlijk – eenvoudiger inrichting van het publieke mediabestel in Nederland.”Wat wordt de insteek van het College van GS? En wanneer kunnen Provinciale Staten hierover met het college in gesprek? Wat gaat het college van GS de komende tijd doen? AntwurdIt stiet foar sawol de provinsje Fryslân, as Omrop Fryslân fêst dat de soarchplicht oangeande de ynstânhâlding fan de regionale omrop in provinsjale ferantwurdlikheid bliuwe moat, oerienkomstich kêst 107, lid 1 fan de Mediawet. Resintralisaasje van de regionale omrop nei de ryksoerheid is wat ús oanbelanget gjin opsje. Dat soe net ten goede komme oan de eigen identiteit fan Omrop Fryslân, lykas fêstlein is yn de earder neamde BFTK.Wy sette yn op in fierder geande desintralisaasje op dit mêd, soks yn ferbân mei it advys fan de mingde kommisje “Decentralisatie-voorstellen provincies” (Kommisje Lodders) yn it rapport Ruimte, Regie en Rekenschap om rykstaken op it mêd fan de Fryske taal safolle mooglik nei de provinsje Fryslân te desintralisearjen en de yn it Bestjoersakkoart 2008-2011 formulearre foarnimmens datoangeande. Sa kin bestjoerlike drokte yn relaasje ta Omrop Fryslân yn de takomst safolle mooglik foarkommen wurde.Sadwaande kin de posysje fan de Omrop Fryslân ek by de diskusje oangeande it nije Bestjoersakkoart behelle wurde. Op it stuit dat it Bestjoersakkoart oan ‘e oarder komt yn de Steaten, kin Provinsjale Steaten ek mei ús yn petear oer de posysje fan de Omrop. Fraach 3Wat zijn de consequenties van het voorgestelde beleid voor Omrop Fryslân? Op zich hoeft vensterprogrammering niet persé slecht te zijn, maar het gaat er om hoe het wordt uitgevoerd. Het kan wat betreft de VVD niet zo zijn dat er straks een landelijke netcoördinator o.i.d. beslist over het wel of niet uitzenden van de PC in Frjentsjer. Hoe kijkt het college van GS hier tegenaan?  AntwurdFinsterprogrammearring, of it útstjoeren fan Omrop Fryslân op Nederlân 3 hoecht op himsels gjin probleem te wêzen; sterker noch: it kin de hark- en sjochsifers ten goede komme. Risiko is dat de selsstannigens en de autonomy fan de Omrop wat organisaasje en programmearring oanbelanget ûnder druk komt te stean. Wat dat oanbelanget diele wy de soargen fan de VVD. Fraach 4Hoe gaat het college zorgen dat de speciale positie van het Fries, als Tweede Rijkstaal, een goede plek en voldoende aan bod komt in het nieuwe mediabeleid? AntwurdWy wolle ôfspraken meitsje oer de bysûndere posysje fan it Frysk as twadde Rykstaal, yn relaasje ta media, yn in nije Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer. De hjoeddeistige BFTK rint fan it jier ôf. Fierder wolle wy de posysje fan de Omrop oangeande it Frysk formalisearre hawwe yn de Wet Gebrûk Fryske Taal en útwurke hawwe yn de Mediawet. Dêr moat de lobby rjochting de Twadde Keamer ek op rjochte wêze. Mei rju achtinge,  
Deputearre Steaten fan Fryslân,
 

Wij zijn benieuwd naar jouw mening.
Heb je ergens vragen over?