Schermafbeelding-2019-07-10-om-11.09.48

Maidenspeech Marten Dijkstra

Schermafbeelding-2019-07-10-om-11.09.48

Op woensdag 10 juli 2019 hield VVD Statenlid Marten Dijkstra zijn maidenspeech in de laatste Provinciale Statenvergadering voor het zomerreces. Deze allereerste inbreng van Marten ging over het agendapunt 'Natuer yn Fryslân: helber en betelber'

---

Foarsitter,

Eerst een persoanlike noat. Een jier lyn hie ik net betinke kint dat ik hjir no stean. Ik fyn it noch steeds net te liuwen om hjir yn dizze prachtige seal oer politieke kwesties meiprate en beslisse te kinnen foar it belang foar de kiezer. Een seal fol gedreven minsken dyt harren yn sette foar de belangen fan harren achterban. Dit dogge sy foar een net kostendekkende fergoeding, wat it extra bewonderingswaardig makket. Der ha ik jo trouwens noch net wer oer heard, foarsitter….

Thús op de pleats mei ik graach mei ús berntsjes nei de berte fan een kealtsje sjen. De ko stint en puft, mar nei een skofke komt der een kealtsje út rugeljen. It geslacht bliuwt een mooie verassing. Wat ús hieltyd wer ferbjusterd is hoe snel it kealtsje sels stean giet en mem op syket om te drinken. Faaks binnen een heal oere stiet it keal lekker te lurkjen oan mem har jaar. 99 fan de 100 keer red de natuer him hielendal sels. As boer (en ek as heit en mem) moatte jo foaral lere los te litten en fertrouwen te hawwen.

Ús mienskip feroaret, de Ryksoerhyd leit steeds meer taken bij legere oerheden del en freget harren boargers om meer sels it initiatief te nimmen. Dit giet helaas noch wol mei it taname fan it oantal wetten en regels die dit initiatief danig beheine en sels yn de kiem smoart. Dit is spitich, omdat de Fryske mienskip brust fan energie. De minksen binne lokkich, der is een sterke sociale structuur en der is gjin lanskip sa mooi as dat fan Fryslan.

As VVD witte wy dat de measte boargers ús huidige lanskip seer wardearet. De prachtige marren, de feangreide mee de kij yn it lan, it kollysenlanskip op it san, de bosken fan de sud-easthoeke en it wydse Bilt. Dit lanskip wurdt foar it grutste part boeregrun. Grun is foar us boeren harren libben, harren brea, sunder grun gjin boer. It is om it mooi te sizzen hun “essentie”. Faak al eeuwen yn de famylje. It gemak wer mei der soms praten wurdt om boeregrun om te foarmjen nei “natuer” fjilt foar harren dan ek as een dolkstek yn it hert. Yn NL bestiet gjin natuer, it is allegear kultuur. Der is gjin kante cm dyt net troch minskehannen foarme is. Natuer versus kultuur is dan ek kolder.

De VVD is dan ek tige lokkich mei it initiatief Natuer mei de Mienskip. Een brede koalysje weryn een ferskaat oan partijen ferienige is. Dit is sels ferantwurdelijkhyd nimme sa at wy dat bij de VVD graag sjoche. “Fan under op”, mei een breed draagvlak, gebiedsrjochte en foaral, mei agraryske natuer. Een mooie oplossing werbij sawol de boer as de natuer leafhaffer oan harren gerief komme. En oant oan fan it beslút nog efficienter ek! Dochs jammer dat der net sprake weze kin fan een súvere “Right to Challenge”, wer de wetten en rigels die dit beheine.

De oerhyd moat ek betrouwber weze, een man een man, een wurd een wurd. Yn it bedriuwslibben bringe jo een offerte út foar een bepaald wurk foar een bepaalde priis. It is, mei een geef frysk wurd “not done” at der nei oerienstemming minder betelle wurdt. Foarsitter, it kin dochs net sa weze dat ús kolleesje, de opdrachtjouwer, as onbetrouwbare partner te boek komt te stean?

As oerhyd moat wy lere los te litten en de mienskip it fertrouwen te jaan. Wy moatte, ek as PS, wer romte kreëre weryn de mienskip fouten meitsjen kin.It libben is net risikoleas, jo moat just lere fan de fouten. Mar dizze fouten moat wol sa snel mogelijk makke wurde. Dus gjin ellenlange procedures die alle energie bij de initiatiefnimmers dea slacht. Een pro aktieve ynstelling mei it kreëren fan romte binnen wetten en rigels foar experimenteerromte. Derom foarsitter, wol ik it kolleesje ek freegje om mear yn te spyljen op de behoeftes fanút de mienskip op dit med.

Krekt as de ko en it kealtsje is de Fryske mienskip sterk, spilet snel yn op nije untwikkelingen en red it him faaks hiel goed sels.

Foarsitter, ik kom ta een ein. As VVD fraksje hat optie 5b us foarkar, mei terugvaloptie 3+. Wy steune wy it ammendemint en de moasje fan de PvdA, mar wol mei de kanttekening dat it jild net as kommuniserende vaten út de VAR komt en een presedent wurdt foar eventuele takomstige tekoarten. Wy moatte us hjir goed beseffe dat it jild dat wy hjir utjouwe opbrocht wurde moat troch de boargers en undernimmers. En elk tekoart hjir betekent meer en hegere belestingen. Ek de moasje fan D66 kin op ús steun rekkenje.

Publicatiedatum: 10 juli 2019