nieuws-image
21 april 2021
Bijdrage Durk Pool bij uitvoeringsagenda Wonen

Bekijk hier de bijdrage: Bijdrage VVD Wonen

Foarsitter,

Bouwe blinder

Ik bin opgroeid yn ‘e Wâlden. Bin foar myn stuy ferhûze nei Dronten, yn in internaat. Doe haw ik wenne yn Swifterbant yn in hierwenning. Doetiids makke ik in soad gebrûk fan iepenbier ferfier.

Foar wurk en leafde fersylde ik doe yn Vianen. Earst hiere, in appartemint boppe in winkel, letter yn in keapwenning. Doe wie ik al oerstapt nei in auto. Iepenbier ferfier wie gjin opsje mear.

Yn 2001 werom nei Fryslân om in gesin te stichten. Wy hierden fan in boer in wenning yn Surhúzum. Doe hawwe wy fjouwer jier yn it doarp Droegeham wenne. Dat hierden we fan myn âlders. Yn 2005 ferhûzen wy nei in keapwenning yn it bûtengebied fan Harkema.

Wurk hâwn dus yn Súd-Hollân, Útert, Grins, Fryslân en no yn Flevolân. Noait mei immen fan PS fan dy provinsjes oerlein as ik der wol wenje as wurkje mocht. It moat ek net gekker wurde. Ik lit my dochs net keare troch immen fan PS?

In minsk moat wurkje kinne wer’t er wol.

In minsk moat wenje kinne wer’t er wol.

In minsk moat libje kinne wer’t er wol.

Ik wol oaren dat genot ek jaan.

De twadde V yn ús partijnamme stiet foar frijheid. Der bin mear partijen dy’t dat yn harren namme hawwe. Wy bepleite dy frijheid. Guon oaren dogge dat net.

De tredde letter, D, stiet foar demokrasy. Der bin mear partijen dy’t dat yn harren namme hawwe. Wy bepleite dy demokrasy. Oaren binne, nei in demokratysk beslút, opiens minder demokratysk, as de útkomst harren net noasket.

As minsken sjogge dat it hjir goed wenjen is. Feilig foar josels en jo bêrn, dan wolle jo miskien wol nei it noarden. Ek as jo net frysk prate kinne. Guon sil it noait leare, oaren wol. Foar de VVD binne se wolkom.

Foar dy jeugd dy’t hjir graag bliuwe wol, moat der bout wurde. Ek, nee júst yn eigen doarp. As se dat winskje.

De megalomane bou, sa’t guon partijen dit betytilje, is beheind ta 3 kearnen dy’t 1000 wenten boue per jier yn de kommende 10 jier. De oare 400 kearnen kinne troch inoar per jier 3,75 wennings der by krije. Guon 2, guon 5.

Fansels wurdt der foar in grut part bout binnen besteand stêdelik gebied, wermei tagelyk ynfolling jûn wurdt oan de needsaak ta grutskalige transformaasjes fan wenmiljeu en wykfernijing yn parten fan Fryslân.

Yn 10 jier hawwe jo dan 45.000 wennings bout.Niks megalomaans oan.

Folslein yn lijn mei ús bestjoerakkoard. En oer de hiele provinsje minder krimp.

Soarget der foar dat we ek de tinner befolkte stikken leefbar hâlde.

Fraag oan it kolleezje. Kin jo yn petear mei de gemeenten om de fêststelde stédelike kontouren nog ris te weroerwaagjen?

It moat net sa wêze dat der immen is dy’t tinkt dat dat net mei.

Yn goed oerlis soe in grins dochs wat opskowe kinne? Binne jo dat mei ús iens? Dat jouwt miskien in stik ferromming yn foaral de lytsere kearnen fan ús moaie heitelân.

Foarsitter,

As wy yn september 2020 by de behanneling fan ‘e omjouwingsfisy it sawat folslein iens binne, dat der in spoar komme moat en dat der dan ek bout wurde moat. Dan rest ús no mar ien ding:

Bouwe Blinder.

Foarsitter wy kin ynstimme mei it stik.

Nog ien ding.

Der wurdt yn it stik sprutsen oer in soart herstrukturingsfûns. Wy, fan ‘e VVD, wolle graag dat dit foar sa fier as mogelijk is, in revolverend karakter kriget. Wy hawwe hjir in moasje oer.

As bygelyks projectûntwikkelers werom betelje kin as it plan klear en oplevere is, kinne we mei dat jild nog mear dwaan foar us moaie provinsje.

Oant safier, foarsitter.

Wij zijn benieuwd naar jouw mening.
Heb je ergens vragen over?